GRUTTO IN HET NIEUWS

Gisteren was de grutto uitgebreid in het nieuws n.a.v. een rapport van de Algemene Rekenkamer. Die stelt dat er steeds meer subsidiegeld naar de grutto gaat, terwijl er steeds minder zijn. Zowel boer Murk als gedeputeerden van Friesland reageerden hierop in de media.

Boer Murk bij Omrop Fryslan

Reaksje op skriezerapport: sûnder jild hienen der noch minder skriezen west

15 des 2021 – 16:21 NederlandsLês foar

As der gjin jild oan skriezebeskerming útjûn wie, hienen der no hast hielendal gjin piken mear west. Dat sizze de Fûgelbeskerming en natuerbehearders yn reaksje op it rapport fan de Algemiene Rekkenkeamer.

Yn dat krityske rapport ‘Waar is de grutto’ wurdt de konklúzje lutsen dat it belied net wurket. Der giet hieltyd mear jild hinne, mar it tal skriezen giet hieltyd nei ûnderen. Mooglik doge tellingen net, wurdt sein en op guon plakken giet it just wol goed mei de skries.

Wiet lân en letter meane

Murk Nijdam fan Wommels set him al jierren yn foar de skries mei wiete stikken greide. “We ha hjir in bêst jier hân, der binne in soad piken grut wurden.” Syn lân is wieter en hy meant letter om de pykjes kâns te jaan om grut te wurden. “Dat wurket wol, mar de sinten ha ek wol nut hân, oars wie de skries wol mei útstjerren bedrige. Dat jild is ek de kommende jierren noch nedich.”

Al bliuwe rôfdieren ek altyd noch in grutte bedriging. “Dat sille we net foarkomme kinne. As der mar mear piken grut wurde dan bliuwe der ek mear yn libben.” Neffens him is syn wize fan buorkjen geskikt. “As mear boeren dat dogge, sille der oer hûndert jier noch wol skriezen wêze.”

Predaasje

Neffens har wurdt ek te min dien oan predaasje. “Dêr moat folle mear op ynset wurde. Dat jouwe de minsken út de gebieten sels ek oan. Dat heart derby, oars is it weismiten jild.” Der is ek praat oer it ôfsjitten fan foksen. “Yn de gebieten om de fûgelgreidegebieten hinne is noch romte genôch foar de foks oer. Sa’n 1000 yn it jier wurde fongen.”

Boerelân oars ynrjochtsje

In soad boerelân soe wol geskikt wêze foar de skries, mar is der net foar ynrjochte. “Dan moat der mear jild by. As je maatregels nimme, dan kostet dat de boer jild yn opbringstferlies en tiid en oandacht dy’t deryn stoppe wurdt. En natuergebieten lizze noch wol kânsen.”Deputearre Hoogland kin him net fine yn it rapport fan de Rekkenkeamer. Hy pleitet derfoar om mear jild te stekken yn skriezebeskerming, bygelyks troch it Oanfalsplan Grutto en de Greidefûgelnota.

“Der moat mear jild by om dy plannen goed útfiere te kinnen. Yn it greidelân sille de boeren it dwaan en dy moatte der wol in fertsjinmodel oan hawwe kinnne. It Oanfalsplan leit de klam op de biotoop, it leefgebiet. Ik bin derfan oertsjûge dat dat in goede útwurking hawwe sil.”

Neffens him soe hiel Fryslân greidefûgelgebiet wurde moatte.